Trio de Groot wint PC-generale

Jan-Dirk de Groot, Herman Sprik en Alle Jan Anema ha snein de generale foar de PC op har namme skreaun. Yn Arum wûn it trio De Groot yn de finale mei 5-1 en 6-6 fan Jochum Bouma, Jan Willem van Beem en Pier Piersma.
Benammen Herman Sprik wie goed op dreef. De Wytmarsumer sloech foarbêst op en ek yn it perk wie er goed op slach. Sprik waard terjochte keazen ta kening. De tredde priis wie foar Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei en Daniël Iseger.