Mishanneling yn Drachten

26 jul 2009 - 16:24

In 30-jierrige man út Easterwâlde is yn de nacht fan sneon op snein oanholden yn Drachten foar mishanneling. Surveillearjende plysjes waarden op de Noardkade troch in ynwenner (21) fan Drachten oansprutsen.

Hy hie krekt in kopstjit krigen troch in ûnbekende persoan. De man siet ûnder it bloed en gong mei in freon nei it sikehûs foar kontrôle. It slachtoffer hie oanjûn dat de dieder noch oanwêzich wie yn de hoarekagelegenheid. Dêr is er oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)