De Haan wint ronde Súdlaren

26 jul 2009 - 13:55

Hurdfytser Sierk Jan de Haan hat sneon de ronde fan Súdlaren wûn. De Dokkumer fan WV De Jonge Renner wûn de sprint fan Jos Harms. De twa hurdfytsers foarmen tegearre mei Caspar Mylius fan Ljouwert in kopgroep fan trije man.

Troch in fal yn de lêste ronde fan Caspar Mylius waard Sierd Steigenga tredde. Steigenga siet yn in efterfolgende groep fan fiif hurdfytsers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)