Soad leppelbekken op eilannen

26 jul 2009 - 13:30

It giet goed mei de leppelbekken op de Fryske Waadeilannen. Dizze 'lepelaars' lykas se yn it Nederlânsk hjitte, sitte mear en mear op de eilannen en hieltyd minder op it fêste lân. Op de eilannen ha se normaal sprutsen gjin lêst fan foksen of oare rôfbisten.

Allinnich op Flylân binne der dit jier foksen aktyf, mar de skea foar de leppelbekken liket ta te fallen. Dat seit Otto Overdijk fan Natuermonuminten op Skiermûntseach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)