Ungelok op A7 by Drachten

26 jul 2009 - 12:04

By in slim ûngemak sneintemoarn op de A7, tusken Drachten en Fryske Peallen, wiene twa auto's en in karavan belutsen. De karavan wie op 'e side klapt. De minsken binne mei de skrik frijkaam. De auto's en de karavan binne net mear te brûken.

It ferkear waard earst in skoft omlaat en letter waard ien rydstrook frijjûn. De dyk is yntusken wer hielendal frijjûn foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)