'Potleadsutelder' oanholden

© Omrop Fryslân
In 45-jierrige man út Damwâld is freed oanholden om't er syn spultsje sjen liet oan froulju. De man die dat op in kemping by Nunspeet. Sawol bern as folwoeksenen wiene it slachtoffer fan de man.
De plysje pakte de man op by in húskegebou by it rekreaasjegebiet Zandenplas. Hy koe him net idintifisearje en waard meinommen nei it buro. Hy is dêr ferheard en dêrnei frijlitten.