Boeredei yn Wâlterswâld

25 jul 2009 - 16:15

As ôfsluter fan de hynstedagen yn Driezum, Wâlterswâld en Damwâld is sneon de boeredei holden. Bysûnder dit jier wie de twa kilometer lange nostalgyske optocht. Dizze optocht wurdt mar ien kear yn de 4 jier holden en lûkt altyd tûzenen taskôgers.

En de boeredei is net kompleet sûnder de tradisjonele kealle- en kowekeuring, ien fan de grutste feekeurings fan Fryslân. Sa'n hûndert bisten kamen oer de hiele dei foarby om kard te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)