Billefilmer ek yn Ljouwert

De billefilmer filme ek op it stasjon fan Ljouwert
In 24-jierige man út it Grinslanner Winsum dy't stikem ûnder de rokjes fan froulju filme wie ek aktyf yn Fryslân. De man filme sûnder te freegjen de billen fan froulju. De bylden publisearre er dêrnei op ynternet.
De Grinslanner waard fannewike oanholden neidat op webside Geenstijl in syktocht nei him op tou setten wie. De billefilmer wie foaral aktyf yn Grins en Assen. Der binne lykwols ek filmkes te sjen dy't makke binne op it stasjon en yn it sintrum fan Ljouwert.