Bankje foar redakteur krante

Lammert Hilarides (links) krige freed in eigen bankje
Lammert Hilarides fan Arum is freed op in bysûndere wize yn it sintsje setten troch syn doarpsgenoaten. Hy hat syn eigen bankje krigen yn it sintrum fan it doarp. Hilarides is de haadredakteur fan doarpskrante De Skille fan Arum en dy krante bestiet dit jier fyftich jier.
Om't Hilarides ek al fyftich jier foar de krante skriuwt, woe it doarp dat net samar foarbygean litte. It bankje is te finen op It Skil yn it doarp.