Schuil troch yn Marseille

24 jul 2009 - 16:02

Beachfoljeballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor binne freed trochdrongen ta de tredde ronde fan it grandslamtoernaoi yn it Frânske Marseille. It Nederlânske duo hie net al te folle muoite mei de Dútsers Stefan Uhmann en Stefan Windscheif, want it waard 21-13 en 21-10.

Foar Schuil en Nummerdor wie it pas de earste wedstriid op it Frânske toernoai. Sy hiene in bye yn de earste ronde, de twadde ronde waard ferskood fanwege it minne waar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)