Súkses Van Gerner yn Finlân

24 jul 2009 - 13:59
  • Céline van Gerner thús yn de Noardeastpolder

Turnster Céline van Gerner fan turnsintrum Hearrenfean is knap tredde wurden by de mearkamp op it Europeeske jeugd Olympysk festival yn Finlân. Oan dat evenemint dogge de bêste jeugdturners út Europa mei. Tongersdei pakte Van Gerner mei de Nederlânske lanneploech ek al it tredde plak achter Ruslân en Roemenië.

Van Gerner, dy't op It Hearrenfean wennet mar oarspronklik fan Emmeloard komt, wurdt sjoen as ien fan de grutste turntalinten yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)