Needbefel Cambuur - Willem II

24 jul 2009 - 13:49

Omdat se benaud binne dat guon Cambuur supporters sneon foar problemen soargje by de wedstriid tsjin Willem II hat de gemeente Den Helder in saneamd needbefel ôfjûn foar sneon. De plysje hat oanwizings dat Cambuurfans, ek guon mei in stadionferbod, sneon nei Den Helder komme. Ek ferwachtsje se in konfrontaasje mei oare supportersgroepen.

Cambuur spilet sneontejûn tsjin Willem II yn it ramt fan it Den Helder maritym toernoai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)