Mr. Cocker lulk op Achmea

24 jul 2009 - 12:28

Lunsjroom Mr. Cocker sit al 20 jier yn it winkelkompleks oan it Saailân, mar op 1 jannewaris komt dêr in ein oan. Der komt in yngreven ferbouwing en eigner Achmea hat dêrnei gjin plak mear foar de lunsjroom. Dat is eigner Jaarsma fan de winkelketen yn it ferkearde kielsgat sketten.

Jaarsma is lulk dat syn bedriuw nei safolle jier it fjild romje moat en sil oant de heechste rjochter prosedearje om de saak te kearen. Hy wol ek mei b. en w. fan Ljouwert prate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)