Meksikaanske gryp wie hjir

24 jul 2009 - 12:11

Twa minsken dy't twa wiken lyn op fakânsje wiene yn Fryslân hiene de Meksikaanske gryp. Dat seit de GGD Fryslân. De minsken út it bûtenlân wiene op trochreis doe't se siik waarden. Nei ûndersyk die bliken dat it om it H1N1-firus gie. Om fierdere besmetting foar te kommen binne se nei hûs gien. Se reizgen mei de auto en dus wie der neffens de GGD gjin gefaar dat oare minsken besmet reitsje koene.

Der binne op dit stuit gjin oare Fryske gefallen fan Meksikaanske gryp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)