Keunst fan ôffal yn Burgum

24 jul 2009 - 11:35

Lege blikjes, stikkene paraplus en âlde koektrompen. De gemeente Tytsjerksteradiel kin der gjin genôch fan krije. Ynwenners fan dy gemeente wurde oproppen om safolle mooglik âld guod yn te sammeljen foar in unyk keunstprojekt.

Yn septimber meitsje 20 boargers en twa keunstners op it stoart fan Burgum bereklauwen fan âld guod. Keunstner Volken de Vlas fan stichting Weerwaar sil de minsken helpe by it bouwen fan de blikkene planten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)