Bami op it strân dropt

Boargemaster de Hoop van it Amelân hat de bami-dropaksje fan radio Veronica ferpleatst nei it strân by Nes. De programmakkers hiene oankundige dat se Sineesk iten út helikopters droppe soene op de Molenweg yn Nes. De Hoop fûn dat te gefaarlik.
It gie om in ludike aksje fan it radioprogramma Mogguh Rick. Presentator Rick van Velthuysen fûn it sneu dat minsken op it Amelân net Sineesk ite kinne, omdat der net sa'n restaurant op it eilân sit.