Swimwetter by Sleat wer okee

© Omrop Fryslân
It swimwetter by kamping De Lytse Jerden yn Sleat foldocht wer oan de noarmen. Dat lit de gemeente Gaasterlân-Sleat witte. Ferline wike waard it swimplak yn de Sleattemermar ôfset, omdat der tefolle darmbakteryen yn it wetter sieten. Swimmers kinne dêr siik fan wurde.
Ut nije mjittings hat bliken dien dat de baktery no net mear yn in te heech oantal foarkomt. De gemeente sil it wetter by De Lytse Jerden de kommende tiid noch wol geregeld kontrolearje.