Helmholt fierwei de sterkste

24 jul 2009 - 09:46
  • Bart Helmholt yn aksje yn Drylts (foto Martin de Jong)

Fierljepper Bart Helmholt fan Burgum wie woansdeitejûn fierwei de sterkste yn Drylst. Mei in moaie sprong fan 20,44 meter pakte hy it earste plak by de senioaren. Hannes Scherjon út Ljouwert waard twadde mei 19,36. Tredde wie Ysbrand Galama fan It Heidenskip mei 19.22.

By de junioaren gie de oerwinning nei Alwin Fonk mei 18,12. Albert-Jan Venema waard mei 17,14 earste by de jonges. Hiske Galama wûn it by de froulju mei 14.11.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)