Mear jild foar promoasje suvel

23 jul 2009 - 20:20

De Europeeske Kommisje stekt tweintich miljoen euro ekstra yn it promoatsjen fan molke. De suvelyndustry mei sels de kampanjes betinke. Earder luts Brussel al 28 miljoen út foar de promoasje fan lânbouprodukten. Mei it ekstra jild wol de Europeeske kommisje de boeren yn de mjitte komme dy't troch de lege molkepriis yn de problemen komme.

Lanbou-organisaasje NLTO freget him ôf oft it jild wol genôch wêze sil. Dy ferwachtet in hiel soad oanfragen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)