Gryp: gjin iepen dei sikehuzen

© Omrop Fryslân
De iepen dei dy't op 19 september by hast alle Fryske sikenhuzen hâlden wurde soe, giet net troch. De lanlike feriening fan sikehuzen last de dei ôf fanwege de meksikaanske gryp. De ferwachting is dat dy yn septimber al foar in soad problemen soarget. In iepen dei is dan net ferstannich.
Foar de measte Fryske sikehuzen komt it beslút as in grutte ferrassing. Sa wiene se by de sikehûzen yn Snits, It Hearrenfean en Dokkum noch drok dwaande mei de tariedings.