Bami op de holle

23 jul 2009 - 19:42

Bewenners fan de Molenweg yn Nes op it Amelân moatte der freedtemoarn goed om tinke dat se net in poarsje bami op de holle krije. In ferslachjouwer fan it Radio Veronica-programma Mogguh Rick dropt dan mei in parasjutist Sineeske mielen boppe Nes.

De programmamakkers ha de ôfrûne wiken aksje fierd, omdat se it elk gunne om Sineesk te iten. En omdat it Amelân net in Sineesk restaurant hat, binne se fan doel dêr wat oan te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)