11-stêdeswimmers binne klear

© Omrop Fryslân
De groep lange-ôfstânswimmers dy't de Alvestêdetocht docht, is tongersdei om healwei achten oer de einstreek yn de Bonkefeart yn Ljouwert kaam.
De swimmers út Hoorn ha fjouwer dagen oer it trajekt dien. It grutste part ha se yn estafettefoarm swommen. Guon stikken ha se klúnd, omdat it wetter bygelyks te smoarch wie om yn te swimmen. Uteinlik ha se lêste stik mei har allen ôflein, sadat se mei-inoar oer de finish kamen