IFKS-silen live op ynternet

23 jul 2009 - 19:26

Yn neifolging fan de SKS bringt de IFKS it skûtsjesilen ek op ynternet. Mar by de IFKS binne alle wedstriden te sjen. It giet dan wol allinne om de grutte A-klasse. De skippen dy't dêr yn meidogge, krije in stjoerderke. En mei in satellytferbining wurdt dan krekt wjerjûn wêr't de skippen binne, op elk momint fan de wedstryd.

De IFKS hat mei it bedriuw Championship Sailing út Drachten in oerienkomst sletten, om de ynternet-silerij mooglik te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)