Eaststellingwerf klear op gryp

23 jul 2009 - 19:00

De gemeente Eaststellingwerf riedt him ta op de ferwachte Meksikaanse grypgolf. Op de webside skriuwt de gemeente dat der fan alles tared wurdt om de tsjinstferliening oan de ynwenners op peil te hâlden.

Binnen de organisaasje wurdt in senario ûntwikkele om by in besmetting fan in soad personielsleden, wurk fan elkoar oer te nimmen. Meiwurkers moatte miskien ek ynspringe op oare ôfdielingen as har eigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)