De Wagt net nei Roeselare

23 jul 2009 - 15:01
  • Chris de Wagt liket dochs by Cambuur te bliuwen

SC Cambuur-ferdigener Chris de Wagt is der net yn slagge om in kontrakt te fertsjinjen by Roeselare. De Snitser rûn de ôfrûne wike staazje by de Belgyske klup. Trainer Dennis van Wijk rekke net genôch oertsjûge fan syn kwaliteiten. Neffens de Wagt is it noch net hielendal útsletten, mar hij rekkenet nearne mear op.

In proefperioade by Caledonian Thistle yn it Skotske Inverness rûn ek op neat út. De Wagt rjochtet him no earst wer op Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)