Mobyl smoarchwetterstasjon

It wetterskip set in mobyl smoarchwetterstasjon yn om boatsjefarders oer te heljen om it wetter út de wc net mear samar rinne te litten. Sûnt 1 jannewaris fan dit jier is dat ferbean, mar neffens Wetterskip Fryslân binne der in soad boateigners dy't har hjir net oan hâlde. It driuwende smoarchwetterstasjon is tongersdei presintearre yn Snits.
Nije wike wurdt dy ek op 'e Lemmer brûkt by it skûtsjesilen.