Undersyk nei sâlt grûnwetter

23 jul 2009 - 12:22

Provinsje, wetterskip en wetterbedriuw Vitens bringe yn augustus de opbou en djipte fan it sâlte grûnwetter yn Noardwest-Fryslân en Skylge yn kaart.

Dat wurdt dien mei in helikopter mei derûnder in grut mjitynstrument. It ûndersyk is ûnderdiel fan in Europesk projekt. Mei de mjittings krije de ûndersykers sicht op de effekten fan de klimaatferoarings op de wetterhúshalding yn Fryslân. De helikopters sille op in hichte fan 80 oant 100 meter boppe it gebiet fleane.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)