België woe skip Pompeï befrije

23 jul 2009 - 11:51

België hat oerwage om de bemanning fan it kaapte skip de Pompeï mei oan board de Harnzer kaptein Hendrik Toxopeus mei geweld frij te krijen. De aksje gie net troch om't de spesjale plysje-ienheid dy't de operaasje útfiere moast, net de goeie wapens en oplieding hie. Dêrom wie it Belgyske regear twongen om 1,5 oant 2 miljoen losjild te beteljen oan de piraten.

Belgyske kranten melde dit op basis fan geheime plysjestikken. Der binne al fragen oer steld yn it parlemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)