Undersyk nei bettere Turfrûte

23 jul 2009 - 10:36

De Turfrûte wurdt op it stuit ûndersocht en yn kaart brocht. Ut it ûndersyk moat dúdlik wurde hoe't de fearten derby lizze. De provinsje wol dat de turfrûte oantrekliker wurdt foar boatsjeminsken. Mei jild út it Fryske marreprojekt wurde de kommende tiid miljoenen euro's ynvesteard.

Dat jild giet nei it opwurdearjen fan de fearten en it gebiet der omhinne. It ûndersyk moat útwize wêr't baggere wurde moat en kaden opknapt wurde moatte. Yn 2013 moat alles klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)