Grinzer fytsedieven op Flylân

23 jul 2009 - 10:30

Twa jonges út Winsum yn Grinslân binne woansdeitenacht op Flylân oanhâlden omdat se in fyts stellen hiene. Plysjes seagen it twatal fan 16 en 17 jier mei in fyts rinnen op de Boslaan. Doe't de jonges de plysjes seagen, smieten se de fyts gau fuort.

Nei ynspeksje die bliken dat de fyts net fan de jonges wie. Se hiene ek noch in twadde fyts stellen. Tsjin beide jonges is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)