Plysjeman foar de rjochter

23 jul 2009 - 10:19

In plysjeman (55) fan Ljouwert moat 15 septimber foarkomme op fertinking fan minskerôf en stik-ferfalsking. De Ljouwerter soe yllegaal in lyts famke fan 'e Filipijnen meinaam hawwe.

Neffens justysje hat hy sjoemele mei formulieren om it berntsje dat no trije jier is, nei Nederlân te krijen. De agent en syn Filipijnske frou ûntkenne dat en sizze dat se mei de alderbêste bedoelings hannele ha. Se sizze dat se it famke yn de hannen drukt krigen op de Filipijnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)