Hermans by Wakker Nederland
Loek Hermans fan Beetstersweach wurdt lid fan de ried fan tafersjoch fan de nije tillevyzjestjoerder Wakker Nederland fan deiblêd De Telegraaf.
Neffens de âld-kommissaris fan de keninginne fan Fryslân is der by de stjoerder in soad oandacht foar ûndernimmers. Dat sprekt him as foarsitter fan ûndernimmersorganisaasje MKB-Nederlân wol oan. De stjoerder krijt as namme WNL.