PC-kening Groenendijk hâldt op

De PC-kening fan 2008, Douwe Groenendijk fan It Hearrenfean, keatst takom woansdei syn lêste PC. Hy hat woansdeitejûn bekend makke dat hy ophâldt mei keatsen.
De achterynse dy't keatst mei Martijn Olijnsma en Hylke Bruinsma jout in trijetal redenen foar syn beslút. Yn it foarste plak is der in berntsje op komst en fierders hat it te krijen mei drokke wurksumheden en blessuereperikels. Groenendijk keatst woansdei syn tolfde PC.