Help foar Keniaanske froulju

22 jul 2009 - 23:09

It Ljouwerter bedriuw Froconsur sil in groep Keniaanske froulju helpe om har eigen bedriuw op te setten. Oardel jier lang krije de Kenianen net allinnich finansjele stipe, mar ek tips oer hoe't se de ûndernimming it bêste opsette kinne.

Froconsur hannelet yn fisk wêrûnder de Keniaanske Victoriabaars. De froulju sille folslein wat oars dwaan. Se sette in restaurant, in kapperssaak en in kleanmakkerssaak op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)