Holwert wint Jong-Feintepartij

22 jul 2009 - 20:37

Lykas foarich jier hat de ôfdieling Holwert de Jong-Feintepartij yn Easterein wûn. Op de fiifde edysje wie Holwert net te bekeatsen. Tsjummearum ferlear yn de finale mei 5-2 en 6-0.

Foar Holwert keatsten Gert-Anne van der Bos, Hendrik Jan de Haan en Rudolf Soepboer. Yn de heale finale liet Holwert Wommels op fjouwer earsten stean, wylst by Tsjummearum tsjin Dronryp alles oan 'e hang (5-5 6-6) kaam. De tredde prizen wiene dus foar Dronryp en Wommels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)