Ynbrekkers rugbyclub oppakt

22 jul 2009 - 16:30
  • By de rugbyclub waard faak ynbrutsen...
  • mar mei help fan de babyfoon waarden de ynbrekkers op de die betrape

Rugbyclub Greate Pier yn Ljouwert hat derfoar soarge dat twa ynbrekkers oppakt wurde koene. Se brutsen yn it clubgebou yn, wylst in bestjoerslid de wacht hâlde. Sy siet in lytse 20 meter fierder yn it materialehok.

Mei help fan in babyfoon hâldt se hielendal allinnich de boel yn de gaten. Nei tsientallen ynbraken en fernielings yn it gebou hie se har nocht. De plysje koe úteinlik de twa ynbrekkers, mannen út Ljouwert, oppakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)