CNV wol útlis oer sluting

CNV wol útlis oer sluting ASR
It fakbûn CNV is skrokken fan it nijs dat ASR Verzekeringen yn Wâldsein ticht moat. By it eardere Woudsend Verzekeringen wurkje sa'n 150 minsken. Dat it finansjeel rommele binnen ASR wie al bekend. It bedriuw makke dizze maaitiid bekend dat it flink besunigje woe.
It CNV easket op koarte termyn antwurden fan ASR oer wêrom't it kantoar ticht moat. Dêrnei stelt it in sosjaal plan op foar alle meiwurkers. Dat sil nei de simmer wurde.