Brouwer wint ek SKS Terherne

Nei de hiele wedstriid op kop lein te hawwen, wint Pieter Brouwer fan It Hearrenfean ek by Terherne. De Sneker Pan waard twad, d'Heale Moanne tred. De Jouwer einige yn 'e efterein. Reijenga sylde nei in minne start nei de ferkearde tonne en moast efteroan slute.
It wedstriidkomitee lei de finish der earder yn om't de wyn te folle oanhelle. Boalsert moast de wedstriid earder ferlitte om't harren gaffelbek knapt wie.