H'fean lyk tsjin Trabzonspor

21 jul 2009 - 22:36
  • Viktor Elm skoarde tsjin Trabzonspor (argyffoto fan Martin de Jong)

Sportklup Hearrenfean hat de oefenkampanje ôfsletten mei in 2-2 lykspul tsjin de Turkse ploech Trabzonspor. Alle doelpunten foelen yn de earste helte.

Nei njoggen minuten makke Viktor Elm 1-0. De Turken kamen yn de 21ste minút op 1-1 troch Dacosta, mar twa minuten letter brocht Gerald Sibon Hearrenfean wer op in foarsprong. Yn de 34ste minút brocht Kagar de einstân op 2-2. Yn de twadde helte lieten beide ploegen neat mear sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)