Kalou bûten seleksje hâlden

Kalou kaam te let en mocht net meispyje (foto: Martin de Jong)
SC Hearrenfeanspiler Bonaventure Kalou siet tiisdeitejûn foar de oefenwedstriid tsjin Trabzonspor net by de seleksje, omdat er tweintich minuten te let kaam. Trainer Trond Sollied liet de Ivoriaan dêrom net meispylje.
Neffens Sollied hat it te let kommen fan Kalou gjin fierdere konsekwinsjes. Sc Hearrenfean spile de oefenwedstriid tsjin Trabzonspor mei 2-2 lyk.