Grutte ôfname tal protters

It giet min mei de protter
It giet min mei de protter. De fûgel giet de greidefûgels achternei, want in grut part fan de oarsaken fan de soarchlike ûntwikkeling by de greidefûgels liede ek ta in grutte ôfname fan it tal protters.
Dat seit Sovon Vogelonderzoek. Protters kinne krekt yn de tiid dat se jongen krije, mar dreech oan iten komme. It lân is folle droeger en in soad gerslân feroaret yn boulân. Yn hiel West-Europa giet it min mei de protter.