Kij dea nei blautonge-intsjen

By guon boeren is grutte twifel ûntstien oer de feiligens fan it faksin tsjin blautonge. By meardere boeren binne koart neidat der inte wie, kij deagien.
Bistedokters hawwe dêr melding fan makke by de registraasje fan bywurkingen, mar slute net út dat de bisten oan in oare krupsje deagien binne. Melkfeehâlder Cees van der Tol yn Heech hat ferline wike fiif kij mei ûndúdlike krupsjes ferlern. Se rekken sa benaud dat se nei lucht hapten.