Twa boetes foar Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur hat tiisdei fanwege wangedrach fan supporters twa boetes oplein krigen troch it fuotbalbûn KNVB. De Ljouwerter fuotbalklup moat 20.000 euro betelje. De earste boete is 12.500 euro. In supporter smiet op 22 maaie in bierfleske nei de keeper fan FC Zwolle yn de neikompetysjewedstriid tusken Cambuur en Zwolle.
De twadde boete fan 7500 euro moat betelle wurde omdat Cambuur-oanhingers de konfrontaasje mei Zwolle-supporters sochten.