Bak Nielsen sa goed as fit

21 jul 2009 - 15:09
  • Kristian Bak Nielsen

Kristian Bak Nielsen makket tiisdei, as sc Hearrenfean yn eigen stadion oefenet tsjin it Turkse Trabzonspor, nei alle gedachten syn rentree. De Deen, dy't in agillespeesblessuere hie, kaam moandei werom út syn heitelân en is aardich fit. Hoewol't de agillespees noch wol gefoelich is, liket de kâns reëel dat Sollied de ferdigener spyltiid jout.

Ek mei Arnor Smarason giet it goed. De Yslanner dy't hamstringproblemen hie, melde him tiisdei wer op de training.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)