Tal skriezen sil net tanimme

Tal briedende skriezespantsjes sakket
De ambysje fan de provinsje Fryslân om yn 2020 wer 25.000 spantsjes briedende skriezen te hawwen, is net te heljen. Dat lit Boer en Natuur, de organisaasje foar agrarysk natuerbehear, witte as reaksje op it nije provinsjaal natuerbehearsplan.
Der binne neffens de organisaasje no in 10.000 spantsjes en dat wurde noch hieltyd minder. De provinsje moat dêrom ek tefreden wêze as it weromrinnen ophâldt, seit Boer en Natuur.