Briedplakken langer ôfsletten

21 jul 2009 - 10:22

In diel fan de briedplakken op Flylân bliuwt in moanne langer ticht. Yn stee fan 1 augustus geane de gebieten op 1 septimber wer iepen foar it publyk. Steatsboskbehear hat dat besletten om de fûgels langer rêst te jaan.

Foksen hawwe de lêste tiid fûgelnêsten fernield en de aaien opfretten. De foksen wurde deasketten. De jagers binne no noch dwaande mei de tariedings foar de jacht, mar sille sa gau mooglik oan de slach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)