Tsjûgen oanriding Drachten

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in oanriding yn Drachten. Op de krusing fan de Noarderhegewei mei de Lange West waard in 15-jierrich famke op de fyts rekke troch in auto. It famke ried troch grien ljocht.
In autobestjoerder ried op itselde stuit troch read en rekke de fyts fan it famke. Se koe noch krekt oerein bliuwe. De bestjoerder fan de auto naaide hurd út. It giet om in griene auto mei in oanhingwein. De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint.