SC Cambuur stelt v/d Belt oan

21 jul 2009 - 09:01

Gerald_van_den_Belt is de nije finansjeel direkteur fan SC_Cambuur. Van den Belt, no noch direkteur by FC Zwolle wurdt dêrmei de opfolger fan Wilco Dommerholt. Dommerholt nimt per 1 augustus ôfskie as finansjeel direkteur.

Dommerholt hat dy funksje mar ien jier dien. It wurkjen yn de fuotbalwrâld hat him net goed foldien neffens direkteur Alex Pama. Dêrom is yn goed oerlis besletten om in ein te meitsjen oan it tsjinstferbân fan Dommerholt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)