Resten 'Harnzer Kasteel' fûn

20 jul 2009 - 19:53

By wurk oan in terrein oan de Willemskade yn Harns binne âlde resten fûn fan in kasteel út de midsieuwen. By it útgraven fan de bouput binne resten fan muorren bleatlein.

It fûnemint is fan in blokhús dat yn it jier 1500 boud is. By oanlis fan de Willemshaven yn 1900 binne de lêste resten fan it 'Harnzer Kasteel' fuorthelle. Fan efter in stek is de fynst no te besjen. Wat der mei bart is ôfhinklik fan argeologysk ûndersyk. Op it plak komme aanst apparteminten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)