Eigen lisplak EVT op Skylge

20 jul 2009 - 19:28

De EVT moat fan de rjochter binnen twa wike in eigen lisplak krije yn de haven fan West-Skylge. De rederij hoecht net langer genoegen te nimmen mei de oerkes dat rederij Doeksen de oanlisplakken net brûkt, mar moat fan de rjochter in eigen plak krije op it plak dêr't earder de Koegelwieck altyd lei.

De gemeente wol der net oan omdat de krusende passazjiersstreamen ta ferkearsgaos liede soene. Twa wike lyn krige de EVT al in lisplak yn Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)